U bent hier

It Ammerke (koart ferhaal)

It ammerke

Wessel ritste syn tintsje iepen. It wie moarntiid. Hy kaam ta dizze konklúzje troch de benaude lucht wêrmei in fûl sinneskynsel stadich de tinte feroare yn in romte wêr it ferskuorrend hyt wurde soe. Hy stuts syn holle nei bûten en seach om him hinne. Der wiene noch mar in pear lju út de fearren. Oer it ferlitten fjild lei in waas fan daudrippen dy't yn 'e stiltme fan it momint hast in mystyk gefoel by him oprôp. Hjir en dêr stie in tinte wêryn, wekker wurden troch de waarmte, de bewenners aanst al gau yn har deiske warberens oergean soene. Meastentiids wie soks net mear as dat it gesang fan de lyster ûnderbrutsen rekke troch it lûd fan in rits wêrby koart dêrnei in slieperige holle hoeden nei bûten stutsen waard. In skoftsje letter kaam dan de by de holle hearrende persoan wrigeljend de tinte útstroffeljen.

Út de tinte neist him kaam, tagelyk mei it lûd fan gjalpjend focht en in omfallend ding, in krekt noch te hearren flok. Wessel gnyske.

`Froulju', tocht er, `altyd itselde'.

Hy wie ôfrûne nacht wekker wurden troch in ratteljende lûd wêrmei twaris in plastyk ammerke folle waard mei blykber oertallich lichemsfocht. Ja, Jet en Alina diene in protte tegearre. Mar wa't no dejinge wie dy't ferantwurdlik wie foar it sa ta syn ferbylding sprekkende lûd fan niiskrekt, koe er net rjocht gewaarwurde. Út en troch hearde er skelwurden hinne en wer fleanen wêrby't skowende en ratteljende lûden him it idee joegen dat it tal fergriemde focht derfoar soarge dat it hastich yn feiligens bringen fan har luchtbêden en itensark gjin lúkse wie.

In wolskepen silhûet fan in alinne yn koart himdsje kleide nimf kaam oerhastich nei bûten. Troch it betize blonde hier wie har antlit omtrint net te sjen, mar de ferbiten oanmerkings dy't se har freondinne tarôp, wiene foar Wessel genôch om te leauwen dat se behoarlik nydich wie. It wie Alina dy't no bûten stie en doe't se syn gnyskjende antlit seach stoarre se him oan mei in blik dy't it midden hold tusken lilkens en helpleazens. Út de tinte kaam noch altyd it lûd fan it hastich weisetten fan pannen, plastyk pûden en itensark. Hy koe him de tizeboel goed foarstelle dy't no yn it behindige fakânsjeferbliuw ûntstien wie.

`Alinaaaah!'.

It wie Jet dy't har fertwivele needgjalp it fjild oer rôp. De lyster, troch al it leven frustrearre yn syn sjongen, hie der no mear as genôch fan en fladdere hastich fuort. Alina sakke troch de knibbels en siet, mei de rêch nei him takeard, yn 'e hoksen de skea yn de tinte op te nimmen. Wessels oandacht wie lutsen troch har wolskepen skonken dy't ûnder it omheech krûpende himdsje weikamen. Doe't se syn stoarjende blikken seach, skode se mei in noartsk gebeart it himdsje nei ûnder en gluorre efkes ferlegen yn syn rjochting.

`Kin ik jimme earne mei helpe?'

It oanbod wie mear om in oanknopingspunt te hawwen, dan dat er syn hannen út de mouwen stekke woe. Stel je ris foar, hy switte al by elke beweging dy't er makke. Sûnt har oankomst, in pear dagen ferlyn, hie er noch net folle mei de famkes sprutsen. Se hiene har, bij it opsetten fan de tinte, wol oan him foarsteld, mar de dagen dernei wiene se ek net fierder kaam dan út en troch in wat plichtmjittich groetsjen en wat neatsizzende opmerkings oer it waar. Dochs krige hy de yndruk dat it blonde famke, Alina, har mear foar him ynteressearre dan dat se op it earste gesicht blike litte woe. En....soks wie oarsom besjoen ek sa. Wessel soe graach wat mear kontakt mei har hawwe, mar om't har freondinne der altyd bij siet, wie it er ek noch nea fan kaam.

`Nee tanke wol, wy rêde it sels wol. It is allinne dat ús iten foar hjoed bedoarn is, wy kinne it wol ferjitte'.

`Jimme kinne dochs wol nije ynkeapen dwaan?'

`Nee olfert, it is ommers snein. De winkel is sluten'.

No moast er efkes neitinke. Dit wie syn kâns om wat mear mei har yn 'e kunde te kommen. Hy hie iten genôch. Syn gewoante om fan alles yn foarrie te keapjen kaam no wol hiel goed út!

`Wy kinne jûn wol mei-inoar koaitsje, ik haw mear as genôch foar ús trijen'.

It bleau stil bij de buorlju, mar hy koe dúdlik sjen dat de froulju drok yn petear wiene. Wat der no krekt sein waard koe der net gewaarwurde. Nei in lyts skoftsje kaam Alina op him ta.

`It is goed, wij ite mei-inoar jûn. Do soargest foar it iten, wy foar de wyn, ôfsprutsen?'

Deselde jûn, Wessel hie in ûnbidige poarsje rys klearmakke, sieten se trijerisom foar de tinte fan de famkes te iten. Wessel kaam al rille gau mear fan har te witten en it wie Alina dy’t, sa ûnder it praten troch, mei mear dan gewoane oandacht nei him stoarre. Hy fûn soks fansels tige nijsgjirrich en letter nei it iten, doe’t Jet efkes te toskepoetsen gie, skode se foarsichtich tichter op him ta. Se rook hearlik en har bliere glimkjen makke him suver wat oeral. Om de fysike gefolgen hjirfan te ferbergjen gie er justjes wat fersitten, mar yn har eagen seach er dat se syn betizing wol opmurken hie.

It famke lei har hân op syn knibbel en sei: `Giest mei in eintsje te kuierjen? Jet soe ôfwaskje hie se sein'.

As soks no net in foaropset plan wie, dan wist er it ek net mear.

`Liket my goed ta'.

`Litte wy dan mar gau gean, wy skriuwe wol in briefke foar Jet'.

In skoftsje letter rûnen se troch de dunen wêr’t Alina yn in dúnpanne nei de troch sinneljocht oerstriele helling wiisde: `Wolst ek efkes sitte?'

Wessel sette him neist it famke yn it rulle sân del. De sêfte waarmens fan it sân mingde him mei dat fan har ûntstekkend inerlik fjoer. Dit hie algau in hertstochtlike omearming ta gefolch en wiene beide jongelju alle tiid en wrâld fergetten.

`We moatte werom. Myn freondinne sil no hast wolris ûngerêst wêze en har ôffreegje wêr't wy salang bliuwe'.

Se lutsen harren klean wer rjocht om mei grutte tsjinsin ôf te setten. Doe't se op de kamping oankamen siet Jet al te wachtsjen.

Se die de sinnebril ôf en frege: `Wêr wiene jimme salang? Ik haw hjir wol in oere sitten te wachtsjen'.

Mar doe't se beiden ris wat better oanseach wiene har eagen begûn te twinkeljen.

`Soa, giet soks no net wat te fluch mei jimme beiden?'

En dan letter wat iroanysk: `Gean mar gau sitten dan meitsje ik wat kofje. Jimme sille wol wurch weaze tinkt mij'.

Efkes like it der op dat Alina lilk wurde soe, mar se hold har yn om't se wist dat it net út jaloerskens wie dat har freondinne soks sei. It wie mear om oan te jaan dat se wol donders wist wat die beiden dêr yn 'e dunen útspoeke hawwe.

It wie yn it fierdere ferrin fan de fakânsje net it ammerke fan de buorlju dat him nachts út de

sliep helle. In streakjende hân fan in waarm blond famke hold him nacht op nacht sa wekker as it mar koe. Eltse kear opnij fûnen se inoar yn har hertstochtelike leafdesspul.

Wie it no leafde of wie it dochs net mear as it yn jeuchlike oerdwealskens ôfladen fan in tusken beiden opboud spanningsfjild? Lange tiid leaude hy dat it mear wie, om wat se him yn al dy nachten yn it ear lústere hie. Mar doe't der tusken har brieven hieltiten mear tiid ferrûn en it tal skreaune rigels minder en minder waard, begûn hy ta it besef te kommen dat Alina alinne mar in fakânsjeleafde west hie. Se hie him brûkt, krekt sa at hy har brûkt hie. Mooglik wie ek sy ta ûntnochtering rekke by it weromkommen yn it deistich libben wêr't gjin plak is foar út hertstocht berne plannen.

Dy simmerfakânsje op it waarme Skylge soe hy nimmen wer ferjitte. Alina krige har plak yn dat hoekje fan syn tinzen wêr't by in soad minsken de meast dierbere saken út it ferline opburgen waard.

Average: 4.3 (3 votes)
Reactie plaatsen? Lees eerst de huisregels.

Advertentie