U bent hier

Potfisk (gedicht)

Potfisk

de pot op
sei potfisk
en swom
de oare kant
foarby
nei ‘t súden
tocht potfisk
is krekt ris
wat foar my

mar de see
waard minder djip
mei strân
wêr'tsto dochs wier
net fierder kinst

potfisk
koe ’t net mear behappe
en kam hjir
sa oan syn ein
o heden it earme bist

hie er dochs ea
eigensinniger toerist
syn stjerbêd fûn
en sa de lêste
fearboat mist?

 

Nog geen stemmen
Reactie plaatsen? Lees eerst de huisregels.

Advertentie