U bent hier

Fugelje

Fûgelje

Alve oer fiven. Dûkelmantsje, eiderein, sulverkob, strânljip, leppelbek...... Flylân! Tolve oer fiven. De rook fan it waad, it lûd fan tûzenen fûgels yn wolkens dwarreljend oer in troch de earste sinnestrielen wekker wurdend lânskip. Kroanpolders, Flylân en Henk! Trettjin oer fiven, op it fytske de Postwei lâns, drok yn petear oer de foardielen fan it sa ôfgryslik betiid út bêd kommen. It wie o sa rêstich, ja dat wol. It wie droech waar, mar op ‘t stuit soene beide der in protte foar oerhawwe om daliks wer werom te gean en op in wat minskliker tiid it op 'e nij wer te probearjen. Mar hawar, it wie no ienkear sa ôfsprutsen en beiden soene net graach har twifels oangeande sa’n ûnbidige tiid tajaan wolle.
Jelle wie in ferwoeden fûgelder en yn Henk hie er in maat fûn. Oer hoe't se inoar moete hiene wie net sa'n protte te fertellen. It wie eins by tafal sa kaam op in wize sa't wol folle faker skynt foar te kommen by fûgelders. Regelmjittich gie Jelle der, wapene mei kiker en fûgelboekje, op út. Fan fûgels sjen kaam dan faaks net in protte. It wie mear de stiltme dy't er socht. Dan hie er it gefoel dat er efkes hielendal ôfstân fan alles nimme moast. Gewoan fuort fan alles. Dizze stiltme fûn er dan op it strân of in ferlitten wetterkearing lâns it waad. It wie dan ek dêr dat er Henk tsjinkaam. Yn earsten wie it net mear as in mei kiker en fjildtas wapene silhûet dat dêr yn 'e fierte liek te fierkjen. Ach, hy seach se wol mear, de oare fûgelders. Meastentiids rûn Jelle yn in grutte bôge om de oaren hinne, mar dizze kear wie it dochs oars. Fielde it as wie dy iensume figuer in lotgenoat? Immen dy't krekt as hy, mear ferwachtings hie dan de fûgels dy't syn eachweid krúse soene? Immen dy't ek stiltme socht yn de betide oerkes moarns om efkes mei rêst litten te wurden? Yn elts gefal, Jelle wie op syn oarspronklike koers bleaun wêrtroch har moeting ûnûntkomber wurden wie. De jonge, fan syn leeftiid, sa as letter bliken die, groete him.
`In protte dit jier'.
`Wat?'
`Leppelbekken'.
`Ja, moai hin?'
`Juster seach ik der fjirtjin'.
`Se sizze dat der folle mear sitte'.
`O?'.
`Ja, meastentiids sitte se yn 'e Kroanpolders mar dêr meie wy no net komme. Ofsletten troch it Steatsboskbehear'. 
`Spitich'.
`Do seist it'.
In skoftsje wie it stil en swijend stiene se oer it waad te digerjen.
` In pear dagen ferlien haw ik noch in proai-oerdracht sjoen'.
` Proai-oerdracht?'
` Ja fan in wikel, witst wol?'
` Wêr?'
`No, dêrefter', de jonge wiisde nei de dúnen oan 'e oare kant fan de dyk.
`Soks haw ik noch nea sjoen'.
`Ik hjit Henk'.
De jonge liet de kiker los en stuts him de hân ta.
`Jelle'.
`Sis, asto der nocht oan hast', begûn Henk skrútel, `kinne wy wolris tegearre op in paad'.
`Dat is goed, sis it mar'.
`Moarnier?'
`Wêr sitsto?'
`Kampearterrein Lange Peal' 
`Ik sels ek, dan prate we ôf om 5 oere by it publikaasjeboerd'.
`Ofsprutsen'.

Tegearre wiene se no op in paad, beide mei in slim slieperige holle. Ut en troch seagen se inoar oan en gapen lûd. Jelle glimke nei syn nije maat dy't, pûstend troch de hurde wyn, neist him fytste.
`Bisto hjir allinne, of mei dyn âlden?'
`Mei ús heit'. En nei in amerijke: `Myn heit en mem binne skieden ferline jier. Ik wenje by myn heit. Myn suster, dy’t no ek mei is, wennet by ús mem'.
`Is dy ek meikaam?'
`Nee, soks soe ek net goed komme. Se is nammers mei har nije freon mei fakânsje nei Kreta en dêr kinne se myn suster net by brûke, snapste?'
Henk stuts syn mulfinger omheech en lake.
Jelle dy't, mei troch foargeande meidieling de eftergrûn fan it gebeard troch hie, knikke Henk ta en sei: `Hasto it wolris dien?'
`Nee, as myn heit dêrefter komme soe, is ús hûs te lyts. En do?'
Jelle skodde syn holle.
`Soest wol wolle?'
`Wit ik net, as ik fereale wêze soe'.
`Hasto immen?'
`Nee, do?'
No wie it Henk dy't syn holle skodde en in bytsje ferlegen troch de iepenens fan it petear, fluch de oare kant opseach. Beide swijden.
`Myn suster hin, hat noch gjin freon. Wol hân, mar it is útrekke'.
Henk seach him oan mei in wat soarchsume eachopslach en sei: `Drugs, witsto. Us mem kaam der efter. Hiest har ris hearre moaten. Trije wike hat Ellie, dat is myn suster, net mear tsjin har sprutsen'.
`Hoe âld is dyn suster?'
`Santjin'.
`Faaks haw ik har wolris sjoen, hoe sjocht se der út?'
Mei in grutte gniis seach Henk him oan en andere: `Se wie wol wat foar dy, ek sa'n stillenien'.
`Hoesa stille?'
`Do bist ek sa ien dy't it mier hat oan in minsken om dy hinne, net? Krekt as myn suster. Se kin somtiids oeren sitte te stoarjen. Doe't ik dy juster sa seach, tocht ik noch'.
`Wat?'
`Dêr komt in filosoof oansetten. Hy hat in kiker by him, mar dat is alinne mar kamûflaazje. Eins is hy filosoof en siket in plak om rêstich nei te tinken'.
Jelle glimke en sei: `Dêr koesto wolris gelyk oan hawwe. Eins bin ik net sa'n hiel fanatike fûgelder. Soms gean ik earne sitten en skriuw poëzy'.
`Sjochst no wol, krekt as myn suster. Sil ik dy ris oan har foarstelle? By gefal kinne jimme it beiden wol mei-inoar fine'.
Ungemurken wiene se by de dyk oankommen dy't de Kroanpolders skate fan it Posthúswaad dat foar in part mei in pearske tekken fan skieppe-ear bedutsen wie. Se setten de fytsen tsjin it prikkeltrie en gongen op ‘e dyk sitten. Yn de fierte seagen se de dizige skym fan de fjoertoer.
`Dat fan dyn suster, dat liket my wol in goed idee'.
`Hoe bedoelst dat?'
`Dyn suster oan my foarstelle. Dat seidest dochs niiskrekt?'
`Ja, mar dan moatst ek mei har op stap gean'.
`Fansels. Soe se it aardich fine om myn poëzy te lêzen?'
Henk, in bytsje wrantelich andere: `Soks moatst Ellie sels mar freegje'. Hy gie stean en wiisde nei de loft: `Kom we gean mar wer ris werom. Fan fûgeljen komt dochs neat mear'.
Oan  'e kymkrige de loft in driigjend úterlik dat net in protte goes mei har foarhie. Swijend fytsten se tebek nei it kampearterrein. Doe't se dêr oankamen wiene de earste drippen der al. Mei in koarte groet giene de beide elk in kant op mei de bedoeling inoar letter dy middei op 'e nij te moetsjen. Ellie soe der dan ek bywêze.
Ellie wie in blond famke, slank en klaaid yn spikerbroek en t-shirt. Se hie in iepen en leave útstrieling, mar wie net om no te sizzen oerdreaune knap. Dochs fûn Jelle har der wol gaadlik útsjen, en oan de reaksje te merkbiten doe't hy har frege tegearre op stap te gean, wie it fan wjerskanten. 

Ellie waard de spil wêr't yn syn fakânsje om draaide. Se moeten inoar eltse dei en mear en mear ûntteide ek Jelle syn langstme nei iensumens. Om't se it grutste part fan de dei tegearre wiene, rekke de freonskip mei Henk wat nei de eftergrûn, mar Jelle hie gjin each mear foar stiltme en fûgels. Syn poëzy fûn Ellie einleas en koe der oeren nei lústerje. Se hong oan syn lippen wêrtroch hy sterk de oertsjûging krige dat it famke op him fereale wie. Dit waard efkes letter befêstige troch de onbeholpen tút dy't se him op de lippen drukte. Fierder wiene se ek nea kommen. Jellie wie achttjin en syn ûnderfinings mei famkes wiene net sa hiele grut. Boppe dat, de fakânsje fan Ellie har heit wie ôfrûn sadat in ôfskie stadichoan tichterby kaam. Hy wist noch goed hoe't Henk, se wiene al oan dek fan de fearboat, nei him rôp en mei in freegjende blik yn 'e eagen, foarsichtich sûnder dat de oaren it sjen koene, syn mulfinger nei him omheech stuts. Jelle koe net oars dan nee skodzje en seach noch krekt hoe't Henk syn skouders opluts en tusken de oare minsken ferdwûn. Ja, Ellie weaude noch nei him, mar hy wist: it wie foarby.
In lang skoft hie er de fearboat neistoarre oant dizze efter de jachthaven yn de Flystream út sicht rekke wie. It ienichste wie no noch in ferknûkele fodsje papier út in skrift mei it adres fan Ellie der op. Jelle hat har nea skreaun.....

Average: 5 (1 vote)
Reactie plaatsen? Lees eerst de huisregels.

Advertentie